Uw zoekacties: H. Frankena, najaar 1970

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Geluidsopname
AV0017FLMD H. Frankena, najaar 1970
Datering:
najaar 1970
Titel Frysk:
H. Frankena
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Ferskillen yn libbensskôging yn JFM wiene net wichtich: 'Wy fûnen elkoar op it Frysk'. Politike ideeën Frankena: passifisme, revolúsjesinjaal Troelstra spruts him oan. Ynternasjonaal: bliid dat Chili no oar bewind hat, Brandt op goede wei. Einoardiel JFM: selde probleem as mei fernijingsdrang fan de jeugd fan no, prate op ferskillende golflingte as âldere generaasje. Einoardiel oer JFM posityf, net allinne foar it Frysk, 'ek foar mysels', seit Frankena.
Ynhald:
A. Miedema yn petear mei H. Frankena te Diever oer Jongfryske Mienskip. Oantinkens oan de hân fan fêste fragen en listkes mei persoanen, organisaasjes, tydskriften. Kalma kaam 1917 nei Snits, Sipma (dosint hbs) rekke doe mear op eftergrûn. Under It Fryske Findel (UIFF) krige Kalma ynfloed op. Klam op taal en literatuer, radikaler yn opfetting. Kalma en Sybesma stiene foar prinsipiële kant, radikaler, ferdjipping; Sipma en Sjouke de Zee mear de kant fan it âlde selskip, ferbreding, safolle mooglik minsken. Lângeane: 'deftich wurd foar niks'. Gearkomste 'lykas PvdA-kongressen', goed taret, gjin praat oer tsjinstellings, foaral propaganda, safolle mooglik minsken. Dominearjend: Kalma, J.P. Wiersma, Sipma (yn Snits soad ynfloed op learlingen burgerskoalle), Hornstra foarsitter wurden, letter Jelle Brouwer. Doel JFM: 'De frije utering en de ûnbehindere ûntjouwing fan de Fryske geast' (kêst 1). J.P. Wiersma: troch wat er mei it sjongkoar prestearde mear ynfloed hân as dat men doe yn 'e gaten hie. JFM woe nivo Frysk brûken op nivo bringe. 'Foaral de ûnderwizers wiene eins taalbedjerders', seit Frankena. Hy tinkt dat it kristlik Frysk Selskip wol safolle ynfloed hân hat as de JFM, troch minsken as Folkertsma en Wumkes. Fryske eigene: Frankena tinkt dat Friezen prinsipiëler binne, wylst net-Friezen mear op resultaat rjochte binne. 'In Fries sil om de prinsipes de saak yn de soep rinne litte'. Fryske folk: 'wjerstannen fan bûten meitsje de Fries derfan bewust dat er Frysk is'. Oer JFM: it wie net allinne it Frysk wat ús dreau, ek fernijgingsdrang. Literatuer: folksskriuwerij moast Kalma neat fan hawwe, it moast heger. Sadwaande al dy sonnetten. Sels net folle skreaun, allinne ienfâldich proaza. Neffens Frankena sei Sybesma dat se kritysker wêze moasten op Kalma, 'oars draaft er troch'.
dichter:
Dr. ir. Hindrik Jacobus Frankena, Oosterlittens 17-10-1900 - Diever 27-12-1977)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
01:30:33
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum