Uw zoekacties: Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal), 26 maart 2004

Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal), 26 maart 2004 ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Erfgoedstuk
Datering:
26 maart 2004
Titel:
Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal)
Maker:
Pieter Verhoeff
Samenvatting inhoud:
Opnamen by de presintaasje fan it portret dat Sjoerd de Vries makke fan Tsjêbbe Hettinga, ta gelegenheid fan it winnen fan de Gysbert Japicxpriis. De presintaasje fynt plak yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar, Ljouwert. Der binne fragminten fan it filmke dat dêr fertoand wurdt oer Sjoerd de Vries dy’t it ien en oar oer it ferfeardigjen fan it wurk fertelt. Ek fertelt Teake Oppewal oer it dichtwurk en it ûntfangst fan it wurk fan Tsjêbbe Hettinga. Dêrnei komt Tsjêbbe sels nei foaren en fertelt wat, û.o. dat er net it gefoel hie dat er no wat bysûnders berikt hie. Hy fûn it ynearsten ek mar neat dat der in portret fan him makke wurde soe. Letter realisearre er him dat hy dan brekke soe mei in tradysje en dat woe er doch ek net. Dat, it moast doch mar wêze, op betingst dat Sjoerd de Vries it portret makke. Hettinga hat it skilderij in pear wiken thús hân om it goed te besjen (te litten). Hysels en goekunde omskriuwe it as in karakterportret. As betankje hat hy spesjaal in koart gedicht skreaun foar Sjoerd de Vries mei de titel Portret. Hettinga draacht dat ta beslút fan syn praatsje foar. Dêrnei komt it offisjele momint dat it portret ûntbleate wurde mei. Letter hâldt Karen Bies fan Omrop Fryslân in radio-ynterview mei Sjoerd de Vries en Tsjêbbe Hettinga dy’t nochris foar de radio it gedicht Portret foardraacht. Dêrnei is der in opname makke fan it neipetear dat Tsjêbbe Hettinga hie mei û.o. Andrys Stienstra en Haye Bijlstra.
Vervolg samenvatting inhoud:
Opnamen van de presentatie van het portret dat Sjoerd de Vries heeft geschilderd van Tsjêbbe Hettinga ter gelegenheid van het winnen van de Gysbert Japicxpriis. De presentatie vindt plaats in de Gysbert Japicxzaal in Tresoar, het Fries historisch en letterkundig centrum in Leeuwarden. Er worden fragmenten van het filmpje vertoond waarin Sjoerd de Vries het een en ander verteld over hoe zijn werk tot stand komt. Teake Oppewal vertelt iets over de gedichten en over hoe Tsjêbbe’s werk werd ontvangen. Vervolgens komt Tsjêbbe naar voren en vertelt onder andere dat hij niet het gevoel had dat hij nu iets bijzonders had bereikt. In eerste instantie voelde hij er niet veel voor dat er een portret van hem zou worden gemaakt. Later realiseerde hij zich dat hij dan met een traditie zou breken en dat wilde hij ook niet. Hij ging akkoord op voorwaarde dat Sjoerd de Vries het portret zou schilderen. Hettinga heeft het schilderij een paar weken thuis gehad om het goed te kunnen (laten) bekijken. Hijzelf en vrienden omschrijven het als een karakterportret. Als dank heeft hij een kort gedicht geschreven voor Sjoerd de Vries met de titel ‘Portret’. Hettinga draagt het na zijn dankwoord voor. Dan breekt het moment van de officiële onthulling van het portret aan. Karen Bies van Omrop Fryslân interviewt Sjoerd de Vries. Tsjêbbe Hettinga draagt het gedicht ‘Portret’ nog een keer voor de radio voor. Ten slotte een opname van de gesprekken van Tsjêbbe Hettinga met onder andere Andrys Stienstra en Haye Bijlstra.
Bronformaat:
Film digitaal
Kleur:
Kleur
Geluid:
Ja
Duur:
36:37 minuten
Collectie:
Literatuer yn Fryslân