200-05 Ynventaris fan it argyf van Tiede Bylsma ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
200-05
Ynventaris fan it argyf van Tiede Bylsma
Inventaris
1. Ynlieding
200-05 Ynventaris fan it argyf van Tiede Bylsma
1.
Ynlieding
Yn de op dizze ynlieding folgjende ynventaris wurdt it argyf beskreaun fan Tiede Bijlsma/Bylsma, dy't berne waard yn 1892 te Achlum en yn 1974 ferstoar op De Jouwer. Wurk fûn er foarearst as kontroleur en kantoarmeiwurker op suvelfabriken yn ûnder oaren de plakken Makkingea, Haskerhoarne, Bartlehiem en Jobbegea. Boppedat wie er korrespondint foar de Jouster Courant, Het Nieuwsblad van Friesland, De Leeuwarder Courant, Ons Noorden en Frysk en Frij. Op lettere leeftyd kaam er by de Jouster Courant te wurkjen, der't er trettjin jier redakteur fan wie.
De niget oan it eigen gea en oan it ferline docht bliken út tal fan krante- en tydskriftartikels en artikels yn de Leeuwarder Courant, de Friesche Courant en De Strikel (1964), en wurk oer it ferline fan Haskerlân: 'Fan lytse hazze ta greate Jouwer: fiif ieuwen Jouster merk' (1966),
Bylsma hat him boppedat ek dwaande hâlden mei literêre aktiviteiten, ferhalen fan him ferskynden yn De Tsjerne, It Heitelân (1947), De Strikel (1958), de Leeuwarder Courant en Frysk en Frij. Hy korrespondearre mei skriuwers as Simke Kloosterman, Anne Wadman, Fedde Schurer en Jan Piebenga.
Foar de Fryske Akademy ferrjochte Bylsma ûndersyk nei de skiednis fan it Fryske folkstoaniel en nei kulturele ferieningen yn de Fryske gemeenten, troch syn wurk foar de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, it Meertens Ynstitút, kaam er yn kontakt mei J.J. Voskuil, dy't ûndersyk die nei it Nederlânske folkseigene en it folksferhale-ûndersyk. Bylsma wie ien fan de korrespondinten dy't de minsken fan 1965 oant likernôch 1971 befregen.
It argyf fan Bylsma beslacht sa'n 50 sintimeter en is yn 1975 by it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn bewar jûn. De oardering fan de stikken dy't foar leit is sa folle mooglik hanthavene sa as dy wie, wol binne stikken oer itselde ûnderwerp byinoar foege. Brieven en hânskriften fanTiede Bylsma binne ek yn oare digitale systemen (biblioteek, argiven) fan Tresoar te finen.

Foar it ynsjen fan de stikken earst de stúdzjesealmeiwurkers rieplachtsje.
Guon nûmers fan iepenbierens útslute: 1, 29, 31

laatste wijziging 11-11-2020
35 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Auteur:
Thys van der Veen
Bijzonderheden:
Foar it ysnjen fan de stikken earst de stúdzjesealmeiwurkers rieplachtsje
laatste wijziging 11-11-2020
35 beschreven archiefstukken