109-01 Utjouwerij, lêsynrjochting en boekhannel R(inze) van der Velde ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
109-01
Utjouwerij, lêsynrjochting en boekhannel R(inze) van der Velde
Inventaris
1. Ynlieding
1.1. Algemien
109-01 Utjouwerij, lêsynrjochting en boekhannel R(inze) van der Velde
1. Ynlieding
1.1.
Algemien
Yn de op dizze ynlieding folgjende ynventaris is it argyf beskreaun fan de útjouwers- en boekhannelsaktiviteiten fan de famylje Van der Velde yn Ljouwert. De grûnlizzer fan dit famyljebedriuw út 1892, Rinze van der Velde, hat foaral yn it earste part fan de tweintichste ieu Fryske útjeften fersoarge. Van der Velde moat sadwaande beskôge wurde as in wichtige útjouwer fan Frysk wurk. Boppedat wie Van der Velde útjouwer fan 'Het Leeuwarder Nieuwsblad', in krante dy't by printerij en útjouwerij Jacob Hepkema op it Hearrenfean printe waard. Yn 'e mande mei Hepkema joech Van der Velde ferskate Fryske lieten en foardrachten út en wurk dat relatearre wie oan de provinsje Fryslân. Net Frysktalich wurk wiene de útjeften oer lânbou en suvel, it Fryske wetterlân en de útjeften fan topografyske kaarten.
Oare tûken fan it bedriuw wiene de keunsthannel, hannel yn kantoarbehoeften, it advertinsjeburo, de lêsynrjochting en biblioteek en in fotografy saak.
Nei de twadde wrâldoarloch is de kearn fan it bedriuw, de boekhannel, oerbleaun.

Benammen Rinze van der Velde hat him yn Fryske rûnten bejûn. Sa wie Rinze van der Velde lid fan it Selskip foar Fryske taal en skriftekennisse en hie er kontakten mei Fryske skriuwers as Waling Dykstra en (toaniel)skriuwer Y.C. Schuitmaker en yllustratoaren as Tseard Bottema en Ids Wiersma. Dy lêste wie ek befreone mei Van der Velde. Van der Velde wie sels in leafhawwer fan toaniel, dat ferklearret foar in part syn toanielútjeften, njonken it ferlet fan dy útjeften by de Fryske befolking en it gemaak dat him foar eagen stie.
Sa'n fiif foar Fryslân wichtige útjeften hat Van der Velde besoarge: It 'Nij Frysk Lieteboek' en lettere opfolgers, 'Doaitse mei de Noardske Balke', 'Der wie ris in âld wyfke', de 'Rimen en Teltsjes' fan de bruorren Halbertsma en 'Rispinge' fan P.J. Troelstra.

It argyf fan Van der Velde dat 1 meter en 4 sintimeter beslacht is foar 1970 by it FLMD yn bewar jûn. It argyf liet in beskate earste rûge oardering sjen, dy't lykwols net hanthavene is. De oardering lykas dy oantroffen waard sil nei alle gedachten te krijen hân ha mei de útstalling yn it FLMD yn 1992 oer 'Rinze van der Velde, Frysk útjouwer'. De oardering sa't dy no foar leit is in oardering fan de stikken neffens ûnderskiedende soarte stikken.
Teffens binne brieven en hânskriften oer Van der Velde yn oare argiven op Tresoar te finen. Sjoch dêrfoar it oanbelangjend argyf.
It boek 'Over de liefhebberij voor boeken, honderd jaar boekhandel Van der Velde' van Klaas Betten is foar it grutste part basearre op it Van der Velde-argyf sa't dat no op Tresoar foar leit.
Fierder jout it materiaal fan de FLMD-útstalling fan 24 april oant 10 juny 1992 in aardich oersjoch fan wat it argyf te bieden hat. Dit materiaal is te finen yn it FLMD-argyf ûnder de namme 'Rinse van der Velde', Frysk útjouwer', iepening útstalling: 23 april 1992 24 IV o / m 10 VI 1992 (griene map).

As bylage is taheakke it artikel Nij Frysk Lieteboek fan septimber 2004 yn Op 'e hichte, meidielingenblêd útjûn troch de Stifting ta Stipe fan it FLMD, oer de útjefte fan it Nij Frysk Lieteboek.
laatste wijziging 02-05-2020
132 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Auteur:
T. van der Veen
Categorie:
laatste wijziging 02-05-2020
132 beschreven archiefstukken