221-08 Soasiael Demokratysk Frysk Forbân ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
221-08
Soasiael Demokratysk Frysk Forbân
Inventaris
1. Ynlieding
221-08 Soasiael Demokratysk Frysk Forbân
1.
Ynlieding
Yn de op dizze ynlieding folgjende ynventaris is it argyf beskreaun fan it Soasiael Demokratysk Frysk Forbân (It Forbân), in beweging dy't stribbet de begjinsels fan it sosjalisme te ferbinen mei it Fryskeigene.
It Forbân is yn 1928 oprjochte troch û.o. M.K. Scholten, J.H. Brouwer en J.K. Dykstra. Njonken leden dy't boppedat lid wêze moatte fan de S.D.A.P. bestiet It Forbân út stipers. Leden en stipers wurde op 'e hichte hâlden fan de aktiviteiten fan it SDFF troch It Forbân, it tydskrift fan it Soasiaal Demokratysk Forbân.
Lêzingen troch foaroanmannen fan it sosjalisme yn Fryslân wurde útjûn troch Herder te Stiens, Brandenburg te Snits en Kamminga te Dokkum.
Lêzingen troch foaroanmannen fan it sosjalisme yn Fryslân wurde útjûn troch Herder te Stiens, Brandenburg te Snits en Kamminga te Dokkum.
It útjaan fan It Frysk Folksblêd is in oare doelstelling fan it SDFF.
Boekhannelsaktiviteien fan it SDFF binne ûnderbrocht yn boekhannel De Fûnk.
Wykeingearkomsten (gearflechten) en simmerkampen moatte de bân tusken leden en stipers ferstevigje en it sosjalistykske stribjen fersterkje.
It Forbân draacht boppedat de begjinsels fan it esperantisme út yn de Esperanto Kommisje fan it Forbân.

Yn 1938 rint de belangstelling foar it SDFF tige werom en yn 1940 falt it doek foar it SDFF.
It argyf fan it Soasiael Demokratysk Frysk Forbân beslacht sa'n 104 sintimeter en is yn 1963, 1991 en 2000 yn bewar jûn by it FLMD.
De oardering fan it argyf nei ynventarisaasje is fierhinne hanthavene lykas it yn bewar jûn is.
De oardering fan it argyf nei ynventarisaasje is fierhinne hanthavene lykas it yn bewar jûn is.
Yn de brieve-, hânskrifte-, bewegings en organisaasje- en tydskrifte-argiven fan Tresoar is mear ynformaasje te finen oer M.K. Scholten, J.H. Brouwer, D.J. Kamminga e.o.
laatste wijziging 05-05-2020
66 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Periode:
1928-1940
Auteur:
T. van der Veen
laatste wijziging 05-05-2020
66 beschreven archiefstukken