200-03 Obe Postma samling ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
200-03
Obe Postma samling
Inventaris
Ynventaris
Filosofy en psychology
Taljochting by ynventarisnrs 31-51: Nûmer 1 hat op side 27 in oantekening, datearre op 17 oktober. It jier stiet der net by, mar dat moat 1898 wêze. De skriften 2, 3 en 4 hawwe hjir en dêr ek in datum. De lêste is 7 (of 17?) jannewaris [1908] yn it begjin fan nûmer 4. Dan folgje trije skriften dêr't de etiketten útwizing oer de datearring by dwaan moatte. Foar 1902 kinne se lykwols net folrekke wêze, want oan de ein fan nûmer 5 stiet in úttreksel fan in boek út dat jier. Op dy etiketten stiet "P. Noordhoff - Groningen". Om't no neffens K. ter Laan syn Encyclopedie yn jannewaris 1904 de "N.V. Erven P. Noordhoff' oprjochte waard, dêr't ek etiketten fan binne, hat it wol kâns dat Filosofie 5, 6 en 7 út 1903, heechût 1904 datearje. Nûmer 8 is fan "Firma P. Noordhoff - Groningen". Skriften fan gâns letter hawwe dat ek, mar allinne op dit iene skrift is it wurd "Firma" lytser printe. Faaks is dat dêrom ien fan de earste oplaach mei de nije oantsjutting. Yn dat gefal soe Filosofie 8 ek noch fan 1904 wêze kinne. It jongste boek dat der yn gearfette is, kaam yn 1905 út. Filosofie 9 stiet in oantekening yn út De Tijdspiegel fan maart, dat 1909 blykt te wezen
Yn 1910 hat Postma Enriques lêzen, dêr't De Boer him op wiisd hie (yn in brief fan 17 juny 1910; sjoch ek dy fan 17 desimber dat jiers). It iennichste úttreksel fan Enriques komt foar yn Filosofie 10, dat dêrom wol fan 1910 wêze sil. Nûmer 11 is net folle fan te sizzen, mar 12 oant 14 of 15 jouwe úttreksels fan stúdzjes dy't Postma brûkt hat of hawwe moat foar syn lêzing op 12 april 1913 foar de wittenskiplike ôfdieling fan it Natuurkundig Genootschap te Grins. De lêzing, dy't bewarre is (sjoch ynventarisnr. 29), paste yn de rige fan it winterskoft 1912-1913, dat dizze skriften binne grif net nei 1912 oanlein. De lêste skriften biede foar de datearring gjin oar hâldfêst as de jongste ferskiningsjierren fan de gearfette boeken: 1909 (16), 1914 (17), 1916 (18), 1913 (19) en 1914 (20). Yn nûmer 21 folget dan noch in boek fan 1922 en folle letter hat Postma der oantekeningen yn makke út J. A. dèr Mouw syn "Het absoluut idealisme" yn de útjefte fan it Verzameld Werk (1948) en út in stikje oer himsels yn Het vrije volk fan 14 febrewaris 1953. Duorjende filosofyske belangstelling oan de ein ta blykt út de úttreksels fan C. A. van Peursen, Korte inleiding in de existentiephilosophie, en fan F. Bollnow, Existenz Philosophie (dat meast oer Rilke giet) yn ynventarisnrs. 633 en 634
31-51 Filosofie 1-21
200-03 Obe Postma samling
Ynventaris
Filosofy en psychology
31-51
Filosofie 1-21
laatste wijziging 23-06-2020
819 beschreven archiefstukken
2 gedigitaliseerd
totaal 2 bestanden
Kenmerken
Auteur:
T. van der Veen
Beschrijving:
Ynventaris fan de Obe Postma-samling (oantekenskriften, kaarten en losse papieren)
Categorie:
laatste wijziging 23-06-2020
819 beschreven archiefstukken
2 gedigitaliseerd
totaal 2 bestanden