Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
1  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0024FLMD Marten H. Castelein, 18-08-1970
Datering:
18-08-1970
Titel Frysk:
Marten H. Castelein
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Hurdridersfamylje: MHC song as bern al 'Tolsma Vos en Castelein wûnen prizen fier en hein'. Rekke troch Rispinga fan Troelstra en Klankboarne fan Hof. Sa krijt skala fan Frysk mear reliëf, en dan ympuls Jongfryske Beweging: prachtige sonnetten Sybesma, wurk Kalma, Rixt - der ûntstiet animo, der wurdt wat wekker. Frysk lêzen en skriuwen al begûn op legere skoalle, by master Zwart yn Warten. Earste kursus, Pieter de Clercq, Gerrit Hornstra, Onno H. Sytstra. 'Dy ha by ús yn de klas west, ik ha noch fûstke mei De Clercq!' (1907/1908). Castelein jout syn oardiel oer ferskate ûnderwerpen. Ynfloed oare streamingen op Fryske beweging. Kalma wie in fenomeen, mar bleau in sfinks. Ferset yn oarloch. It Fryske begearen hat him yn de oarlochsjierren minderweardich manifestearre. Alles wat in skyn fan kontakt mei de besetter hie, fûn ik mis. Castelein jout syn beskriuwing fan it trelit mei it oan kant setten fan Sipma. Maitiid 1919, gearkomste by Sipma thús, mei Wouter Zwart, Marten Castelein, Rintsje Sybesma, Douwe Kalma, Sjouke de Zee. Bittere neismaak, hurde wurden, mar gjin kongsy foarôf. Gearkomste peaskemoandei 1919. Sterke pro-Sipma-groep, rebelly, Sipma kweke opposysje. Dêrnei nea wer in wurd mei Sipma wiksele. Bittere ûnderfining, besef dat Fryske beweging in fiksje wie. Castelein neamt Sipma kweade genius. Mei Kalma fierder gien yn 1919. Castelein waard boer, finansjeel yn swier waar. Sweager Wouter Zwart en oansteande frou Pyt Radsma mear nei de foargrûn. Balâns oangeande JFM: posityf. In reveil, gjin materiële motiven, suver fan herten, mei al syn fouten. Ta beslút jout Castelein noch wiidweidich syn persoanlike sjenswize op 'grutte Douwe' Kalma. Aldfaderich, belearjend âldsk, net jong west. Soad froulju mâl mei him, mar hy wie gjin sjarmeur. DK wie neffens Castelein net homoseksueel, mar hie in sterke hunkering nei sielsfreonen. Letter iensumens, hie hjir in funksje ha moatten. Castelein jout ek syn idee oer Douwe Kiestra, Sybesma, Fedde Schurer, dr. Wumkes.
Ynhald:
Marten Hedzers Castelein wurdt befrege oer syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip. Petear mei Freark Dam en Sibe van der Meer op 18 aug 1970 by Castelein, Marssumerstrjitte 4 Ljouwert. By JFM kommen yn oarlochstiid, ein 1916 of begjin 1917. Mei troch konneksje mei oansteande sweager Wouter Zwart. Wurden fan Douwe Kalma yn Frisia 1, side 202, wiene in konkreet sinjaal. Yn Dimter op (ynternasjonale) Koloniale Lânbouskoalle respekt field foar Friezen. Frou tagelyk lid wurden fan JFM. Krysttiid 1918 skathâlder fan JFM wurden, as opfolger fan de 13-11-1918 ferstoarne Marten Baersma (Meint Bottema). Castelein jout koarte karakteristiken fan lju dy't er koe: Eeltsje Folkertsma, Reinder Regenbogen, Hette Reitsma, Piter Sipma, Rintsje Sybesma, Michiel Visser, Anders Wybenga, Sjouke de Zee, Simke Kloosterman, Bokke Simens, Rinke Tolman, Rixt, Koos (J.P.) Wiersma. En dan Douwe Kalma, dy't Wouter Zwart en Marten Castelein 'de grutte Douwe' neamden. Lieder fan in wûnderlik heterogeen selskip. MHC wie befreone mei Meint Bottema. Oare persoanen: Sybe Douwes de Jong, frou Quarles (Anne Quarles van Ufford-Buma, in reuze frou, soad lake om har kluchtichheden), Anneke Steensma, Wumkes, Atze de Vries. Lângeanne: 'Dat wie eins de sintrale keuring.' Mienskipshûs wie eins Douwe Kalma syn skepping. Soad debatten, mearderheid úteinlik wol efter Kalma; Castelein mear waarnimme en posysje bepale. Opposysje binnen JFM: it nasjonalistyske (Folkertsma e. o., de kalvinistyske groepearring) waard in probleem. Piter Sipma en Castelein útfanhuzen wol by elkoar. Sipma stelde him 1917/'18 wat 'rivalerich' op, fielde him wat miskend. Zwart, Sybesma, Castelein fûnen dat Kalma syn opfetting prevalearje moast. Famylje Castelein wie nochal wat betrôle mei de Halbertsma's (Castelein ferwiist nei Halbertsma syn ferhaal oer Willem IV en de Froskepôlle).
dichter:
Marten Hedzers Castelein (Warten 16-3-1894 - Ljouwert 12-8-1981)
Maker:
Freark Dam en Sibe van der Meer
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
02:47:50
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum