Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
11  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0014FLMD Simen Schoustra, 1970 of kort daarna
Datering:
1970 of kort daarna
Titel Frysk:
Simen Schoustra
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Organisaasjes: Fryske ried Saxo Frisia rûn oan de leiebân fan de Dútsers. East-west-ferhâldingen: liket nei ûntspanning te gean mar persoanlik gjin betrouwen yn goede bedoelingen Eastblok, stribjen nei kommunistyske wrâldhearskippij wurdt net opjûn.
Ynhald:
Petear mei Simen Auke Schoustra (4-6-1898 - 3-9-1978) oer de Jongfryske Mienskip (JFM). Foar Projekt JFM fan Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk. Schoustra wie 1926-1963 dokter yn Grou. Dominearjende figuer yn JFM wie Douwe Kalma. Schoustra koe Douwe Hermans Kiestra en syn frou Aaltsje Hannema goed. De relaasje bekuolle yn 1939 oant sa'n 20 jier nei de oarloch, mar dat is de lêste tsien jier (sa tusken 1960-1970 dus) hielendal bydraaid. Schoustra hat de yndruk dat de Jongfryske Mienskip yn de jierren 1915-1920 wol wat kwea dien hat, troch wjeraksel op te roppen by it Fryske folk. Dat kaam diels troch de krityk op de âldere selskipsmannen en literêre figueren. Schoustra fertelt dat omtrint 1915 yn de Legeaen De Fryske Skoalle oprjochte waard, in feriening fan jonge minsken. Fierden gjin aksje tsjin de JFM mar hiene wol mear respekt foar de âldere generaasje mei nammen as Waling Dijkstra en de Halbertsma's. Fryske Skoalle hat mar in jier as 4, 5 bestien. Nammen: Hendrik Riemersma, Bouwee Bergsma fan Raerd, Albert Martens van der Hem, en Simen Schoustra. Ek ploechje op hbs Snits, UIFF, Under It Fryske Findel. Ploechje foel 1917-1919 út elkoar troch wurk en tsjinst. Tydskriften: Frisia fan JFM literêr belangryk better as Sljucht en Rjucht. Schoustra mear sneuper as lêzer: skiednis. Hat fotokopyen fan Grouster tsjerkeboeken 1680-1713 en 1790-1810. Skriuwers: wurdearring Tachtigers, mei troch learaar Pieter Sipma. Fryske skriuwers: lês no Douwe Hermans Kiestra, de Buorskip, en De Bêste Simmer. Skriuwers fan no: Rink van der Velde sprekt my oan, Trinus Riemersma is myn man net. Seks en erotyk yn Fryske boeken: fyftich jier lyn wie it te stiif, no wurdt it oerdreaun, troch skriuwers en útjouwers. Muzyk en skilderkeunst: measte wurdearring foar de klassiken. Modernere skilders: E.R.D. Schaap en Johan Dijkstra.
dichter:
Simen Auke Schoustra (1898-1978)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
02:54:01
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0015FLMD Tiede Bijlsma, 1972
Datering:
1972
Titel Frysk:
Tiede Bijlsma
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Gesprek met Tiede Bijlsma (Achlum 20-9-1892 - Joure 4-10-1974) over de Jongfryske Mienskip. Bijlsma kwam 1920-1924 als zuivelcontroleur wel op bezoek bij Douwe Kiestra. Bezocht bijeenkomst met Douwe Kalma als spreker. Eenmaal was dat in De Knipe, kleine herberg van Jan Abes de Vries. Douwe Kalma en Wolter Nijenhuis als sprekers. Er was een avond geporgrammeerd over Brolsma, met als inleider Rintsje Piters Sybesma; Bijlsma zou werk van Brolsma voorlezen. Zo kwam hij vaker bij Sybesma. Rond 1930 lid geworden van JFM. Was een meer 'serieuze' aangelegenheid dan het oude Friese Selskip (Foar Fryske Tael en Skriftekennisse) van 1844. Bijlsma kwam in contact met mensen als prof. Jelle Brouwer, Bauke Tuinstra, R.P. Sybesma. Schreef wel eens voor Frisia. Toneel: Douwe Kiestra was toneelleider los van de Mienskip. Ontstaan JFM: Kalma, onder invloed van Sipma, leraar aan hbs Sneek, formeerde een groepje met o.a. R.P. Sybesma, Jelle Brouwer. Later is de Mienskip een krite (afdeling) geworden van het oude Selskip. Oppositie? Kwam met name van J.M. v/d Goot, Wolter Nijenhuis en Sybesma, toen is Kalma de leiding ontnomen. Alle waardering voor Kalma's werk maar hij was 'egocentrisch'. Van het lijstje met namen heeft Bijlsma vooral Jelle Brouwer, Fedde Schurer en Sybesma gekend en gewaardeerd. In het taalgebruik speelde in zijn jonge jaren standsverschil een grote rol: veel mensen begonnen stads of Nederlands te spreken tegen 'ieder die maar een wit boordje droeg'. Ds. S.K. Bakker uit Bolsward sprak Fries en droeg een ijsmuts, en kwam op schaatsen. Tijdschriften: Bijlsma las Sljucht en Rjucht. Eén tijdschrift voor alle gezindten zou beter zijn, meent Bijlsma. Tiede Bijlsma heeft een boekje geschreven over 100 jaar toneelclub Rjucht en Sljucht de Tynje (1872-1972). Bijlsma noemt Simke Kloosterman en Reinder Brolsma als de eerste 'jongfryske' auteurs die iets nieuws probeerden. Ook werk van Ulbe van Houten las hij graag en van de latere schrijvers Anne Wadman en Rink v/d Velde.
Ynhald:
Petear mei Tiede Bijlsma (Achlum 20-9-1892 - de Jouwer 4-10-1974) oer de Jongfryske Mienskip. Bijlsma kaam 1920-1924 as molkekontroleur wol by Douwe Kiestra. Wolris mei nei gearkomsten mei Douwe Kalma as sprekker. In kear yn De Knipe, herberchje fan Jan Abes de Vries. Douwe Kalma en Wolter Nijenhuis sprekkers. Soe jûn komme oer Brolsma, ynlieder Rintsje Piters Sybesma, koe Bijlsma wol wat fan Brolsma foarlêze. Sa faker nei Sybesma. Omtrint 1930 lid wurden fan JFM. Wie mear in 'serieuze saak' as it âld Selskip (Foar Fryske Tael en Skriftekennisse) fan 1844. Yn kontakt mei lju lykas prof. Brouwer, Bauke Tuinstra, R.P. Sybesma. Wolris wat skreaun foar Frisia. Toanielspylje: Douwe Kiestra wie ús toaniellieder mar dit stie bûten de Mienskip. Untstean JFM: Kalma, ûnder ynfloed fan Sipma, learaar oan hbs Snits, formearre groepke, mei ek R.P. Sybesma, Jelle Brouwer. Letter is de Mienskip in krite fan it âld Selskip wurden. Opposysje? J.M. van der Goot, Wolter Nijenhuis en Rintsje P. Sybesma, doe is Kalma de lieding kwytrekke. Alle wurdearring foar syn wurk mar hy wie in egosintryske figuer, dat moast him in kear wreke. Fan it listke mei nammen hat Bijlsma benammen Jelle Brouwer, Fedde Schurer en Rintsje Sybesma kend en wurdearre. Yn it taalgebrûk spile yn syn jonge jierren it stânsferskil mei: in soad lju praten 'stedsk' of Hollânsk tsjin 'alles wat in wyt boardsje om hie'. Ds. S.K. Bakker fan Boalsert prate Frysk, hie net in hege hoed op mar kaam mei de iismûtse en op redens. Tydskriften: Bijlsma lies yndertiid Sljucht en Rjucht. No binne der mear tydskriften, it is oars net as striderij, moat allegear subsydzje ha en kin dochs net bestean. Ien tydskrift foar alle rûnten wie better. Bijlsma hat in boekje skreaun oer 100 jier Rjucht en Sljucht de Tynje (1872-1972). Bijlsma neamt Simke Kloosterman en Reinder Brolsma as 'de earste jongfryske skriuwers dy't wolris wat oars diene'. Ek Ulbe van Houten lies er graach en fan de nijere skriuwers Anne Wadman en Rink v/d Velde.
dichter:
Tiede Bijlsma (Achlum 20-9-1892 - de Jouwer 4-10-1974)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
01:36:20
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0017FLMD H. Frankena, najaar 1970
Datering:
najaar 1970
Titel Frysk:
H. Frankena
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Ferskillen yn libbensskôging yn JFM wiene net wichtich: 'Wy fûnen elkoar op it Frysk'. Politike ideeën Frankena: passifisme, revolúsjesinjaal Troelstra spruts him oan. Ynternasjonaal: bliid dat Chili no oar bewind hat, Brandt op goede wei. Einoardiel JFM: selde probleem as mei fernijingsdrang fan de jeugd fan no, prate op ferskillende golflingte as âldere generaasje. Einoardiel oer JFM posityf, net allinne foar it Frysk, 'ek foar mysels', seit Frankena.
Ynhald:
A. Miedema yn petear mei H. Frankena te Diever oer Jongfryske Mienskip. Oantinkens oan de hân fan fêste fragen en listkes mei persoanen, organisaasjes, tydskriften. Kalma kaam 1917 nei Snits, Sipma (dosint hbs) rekke doe mear op eftergrûn. Under It Fryske Findel (UIFF) krige Kalma ynfloed op. Klam op taal en literatuer, radikaler yn opfetting. Kalma en Sybesma stiene foar prinsipiële kant, radikaler, ferdjipping; Sipma en Sjouke de Zee mear de kant fan it âlde selskip, ferbreding, safolle mooglik minsken. Lângeane: 'deftich wurd foar niks'. Gearkomste 'lykas PvdA-kongressen', goed taret, gjin praat oer tsjinstellings, foaral propaganda, safolle mooglik minsken. Dominearjend: Kalma, J.P. Wiersma, Sipma (yn Snits soad ynfloed op learlingen burgerskoalle), Hornstra foarsitter wurden, letter Jelle Brouwer. Doel JFM: 'De frije utering en de ûnbehindere ûntjouwing fan de Fryske geast' (kêst 1). J.P. Wiersma: troch wat er mei it sjongkoar prestearde mear ynfloed hân as dat men doe yn 'e gaten hie. JFM woe nivo Frysk brûken op nivo bringe. 'Foaral de ûnderwizers wiene eins taalbedjerders', seit Frankena. Hy tinkt dat it kristlik Frysk Selskip wol safolle ynfloed hân hat as de JFM, troch minsken as Folkertsma en Wumkes. Fryske eigene: Frankena tinkt dat Friezen prinsipiëler binne, wylst net-Friezen mear op resultaat rjochte binne. 'In Fries sil om de prinsipes de saak yn de soep rinne litte'. Fryske folk: 'wjerstannen fan bûten meitsje de Fries derfan bewust dat er Frysk is'. Oer JFM: it wie net allinne it Frysk wat ús dreau, ek fernijgingsdrang. Literatuer: folksskriuwerij moast Kalma neat fan hawwe, it moast heger. Sadwaande al dy sonnetten. Sels net folle skreaun, allinne ienfâldich proaza. Neffens Frankena sei Sybesma dat se kritysker wêze moasten op Kalma, 'oars draaft er troch'.
dichter:
Dr. ir. Hindrik Jacobus Frankena, Oosterlittens 17-10-1900 - Diever 27-12-1977)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
01:30:33
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0025FLMD Simen Feenstra, 1970 of 1971
Datering:
1970 of 1971
Titel Frysk:
Simen Feenstra
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Tsjinstanners JFM? Allinne âld Selskip, Kalma hat dy minken sa útskolden, hy hie in aardsje nei syn mem. 'Hy hat de saak fernield troch syn diktatorskip.' Fryske taal sil ferdwine, wurdt akademysk spul lykas Latyn, Gryksk en Keltysk. Frysk eigene: foaral de taal, se kinne net goed Hollânsk prate, en se binne lomper. Frysk prate, ek as se hjir troch Nijmegen rinne. Friezen sit gjin fantasy yn, dat is in kenmerk - Kalma en Kiestra wol wat, en Rely Jorritsma hie dat wol. Underfiningen as evakuee: Friezen net meifielend, gemien. Takomst Fryslan: rekreaasje en yndustry. Boerestân ferdwynt. Fryslân en de wrâld: JFM woe kontakt mei Ierlân, Flaanderen, Poalen. Folkebûn woe lytse folken helpe, dus ha se in brief nei Genève skreaun dat de Friezen ek yn de ferdrukking sieten. Jongfriezen woene hegere literatuer bringe. 'Mar Sjouke de Zee, Rinke Tolman, Marten Baersma: eins folksskriuwers. Iderien mient mar dat er dichter is. Ik ek, mar eins mar twa gedichten.' Sjouke de Zee miende da er dichter wie - om't Douwe Kalma dat sei, dy't him goed brûke koe. Fryske dichters foarkar: Kalma, J.D. van de Meij, Rixt, Sybesma, Thys de Vries. Bûtenlânske auteurs: Selma Lagerlöf is myn evangeelje, 'Gösta Berling' is myn bibel. JFM en konfessionaliteit: Kalma sei yn 1918 dat alle Friezen kristlik wiene, dat wie de kneppel yn it hinnehok. Kalma hie foar dûmny leard mar is dermei útskeid. 'Hy leaude nergens yn, mar God fûn er wol aardich, want dêr rymde alles op...' Feenstra oer syn eigen opfettings yn de tiid fan de JFM: hielendal yn ûnder de yndruk fan Kalma. Hy hie 'Wûndere Wytske' skreaun, sa moai, dan krije je sympaty foar sa'n skriuwer. Letter by JFM weirekke. Wol foarsitter west, Utingeradiel, Akkrum. En it Bûtenboun. Soe lêzing hâlde oer Waling Dijkstra, woene se net: wy wolle dûnsje, kofjedrinke, borreltsje, dat wie it Bûtenboun. Einoardiel oer JFM: posityf. Hat seker ynfloed hân, literêr, kultureel, en wy krigen in bân.
Ynhald:
Simen Feenstra te Nijmegen (út Terherne) jout syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip, neffens fragelist van Akke Miedema-Tjallema. Yn 'e kunde mei Douwe Kiestra, Roel Oostra, Merten Bakker. Oprjochte: Fryske Skoalle, Raerd. Lêzingen hâlden. Selskip mear foar de folksskriuwerij, wy woene literêr in heger peil, diels ynspirearre troch de Tachtigers. Feenstra lies yn Frisia bydrage fan Hero Cammingha, pseudonym fan Douwe Kalma. Gjin bestjoersfunksjes yn JFM, wol yn Boun fan Jongfryske Selskippen (Jelle Brouwer foarsitter, Feenstra siktaris, seit er letter), lêzingen hâlden (Fries Koffiehuis Wurdumerdyk Ljouwert) en artikels skreaun. Literêr: Kalma lies wolris wat fan my foar. Ien kear jiers lângeanne, 'meeting'. Kalma wie diktator. Foarstel fan Wouter Zwart waard oannommen, doe sei Kalma: Dan bedank ik direkt. Kampen op Amelân en Skylge. Douwe Kalma wie 'de dreamer fan Terskelling'. Seach Fryslân as kearn, sintraal tusken Ingelân, Dútslân en Skandinavië. Mienskipshûs Huzum: foar de pear dy't der doe noch oerbleaun wiene. Dominearjende figueren: Douwe Kalma, Wouter Zwart, Gerrit Zeldenrust, Folkertsma, Visser. Untstean JFM: studintekwestje, se woene folkstaal Frysk ek plak jaan yn rjochtseal, skoalle en tsjerke. Fr. beweging wie neffens Kalma kristlik, gjin plak foar ateïsten. Altyd rûzje yn Fr. bew., JFM is in akademyske beweging bleaun. Oer persoanen: antypaty tsjin Folkertsma as fanatyk kalvinist; S.D. de Jong wie fijân (pleatste stikken Feenstra net mear yn Ljouwerter Krante), Kalma altyd heech hân, antypaty tsjin Fedde Schurer ('om't er gemiene dingen oer Rely Jorritsma skreau'); Rintsje Sybesma, Douwe Kiestra, spitich dat se NSB'er wurden binne; Wike Zijlstra prachtfrou. Kenmerken Jongfriezen: yndividualisten, soad homoseksuelen by neffens Feenstra (Kalma ek), dichterlik en dreamerich. Takomstmooglikheden foar it Frysk sjocht Feenstra net: it Fryske folk is ymmún wurden foar de Fryske taal. JFM wie net foar ôfskieding, ôfsjoen fan in pear 'hypernasjonalisten'.
dichter:
Simen Feenstra (Terherne 9-11-1900 - 1981)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
1:30:14
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum