Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
928  films en geluidopnames
sorteren op:
 
Geluidsopname
AV0021FLMD Marten Koops Scholten, Douwe Hermans Kiestra en Anne Porte, 1969 (Kiestra: nov. 1969)
Datering:
1969 (Kiestra: nov. 1969)
Titel Frysk:
Marten Koops Scholten, Douwe Hermans Kiestra en Anne Porte
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Fryske skriuwers: Meint Bottema, sonnettewurk Rintsje Sybesma en Rinke Tolman. Frysk eigne: bestiet yn it foarste plak yn de taal, yn ús folksaard, yn ús lânskip, en yn agraryske breawinning. Fryske literatuer fan no: jonge skriuwers ha wol nije fjilden fan oandacht oanboarre, fjild fan it geslachtslibben, mar gefaar is dat omtinken fan lêzer en krityk dêr tefolle hinne giet. Ek by Trinus Riemersma, wylst syn jeugdoantinkens letterkundich fan grutste weardije binne. Kiestra wiist op fraachtepetear mei Douwe Tamminga yn LC 8-11-1969 en merkt op dat de Friezen sa'n bytsje nasjonaal selsbesef hawwe.

Dan folgje antwurden fan Anne Porte (sels seit se 'Poarte' ) (1902-1984). Komt fan Aldleie, op 16de by JFM kommen, op 20ste nei Amsterdam om ferpleechster te wurden. Yn JFM freonskippen mei Sybe Douwes de Jong en Wike Zijlstra. Tydskrift Sljucht en Rjucht hat grutte betsjutting hân. Sels begûn te skriuwen, stikjes en fersen, is allegear weiwurden. Yn stik oer Dante spile se Beatrijs. Kalma syn taalgebrûk stie Porte net oan, net libben genôch. Graach lêzen: A. Roland Holst en Du Perron. Ek Marx lêzen en nei arbeidersgearkomsten west, Henriëtte Roland Holst sprekken heard. Ynteresse foar kultuer. Oaren seine: do bist in 'cultureel vliegje'. Begûn wandkleden te meitsjen. Yn Amsterdam nei gearkomsten kommunisten. Fersen makke dy't tige sosjaal wiene. Fryske folk: in bijekoer is ek in folk. Dat guon har better fiele as oaren, dêr bin ik bang foar. Takomstmooglikheden fan it Frysk besterkje: dan moatte earst de boeren de grûn mar ris hawwe.
Ynhald:
Petearen oer Jongfryske Mienskip. Marten K. Scholten, Douwe Kiestra, Anne Porte.
Marten Scholten beskriuwt it ûntstean, it stribjen, de ûntjouwing. Dy't nei Amelanner kamp 1920 west hiene, giene as in soarte nije Pinkstergemeente Fryslân yn. It begjin wie in treffen tusken Douwe Kalma en ('jim omke') Rintsje Sybesma yn de lêsseal. De earste generaasje: foar de measten begûn it mei briefke skriuwen oan Madzy (Jantsje Abers-Terpstra) yn Sljucht en Rjucht. Dat jilde ek foar de minsken fan de Fryske Skoalle, Tseard de Zee, Douwe Kiestra, Merten Bakker. Douwe Kalma hat teology studearre yn Grins, dêr trof er Klaske Sipma. Letter Kalma ferkearing mei âldere Simke Kloosterman. Formulearring Scholten: 'De Jongfryske beweging is de geastlike befrijing út it provinsjale tinken fan it besletten Fryslân, dat yn it stoflike al iepenkaam wie te lizzen.' Waling Dijkstra woe it Frysk net brûke foar earnstige dingen. Rixt har leafdeslyryk wie in befrijing. Waling Dykstra kocht âlde Dútse klisjees en skreau dêr Fryske teksten by. Sljucht en Rjucht: Eisma kocht klisjees, teksten Doeke Zijlstra. Douwe Kalma soe foar it Selskip yn it Trijemanskip mar dat gie oer doe't er him fermoedsoene hie mei Jan Melles van der Goot. Doe kaam ds. Jaap Kalma yn it Trijemanskip.

Douwe Kiestra fertelt: hat spyt dat er as jongfeint net nei it bûtenlân west hat, dan grif minder nayf idealistysk west. Yn 1916 Frysk klupke oprjochte, Hindrik Liuwes Riemersma foarsitter, Hinke van der Zijpp, Albert Martens van der Hem , Bouwe Willems Bergsma, Simen Schoustra, Thomas de Groot, Tseard de Zee, Roel de Graaf, Simen Feenstra. Yn 1918 Tseard de Zee en Kiestra lid wurden fan JFM. Sjongkoar, nei repetysjes fytstochten, fammen Bouhoeke thúsbrocht. Miening oer foaroanmannen JFM: je kinne Kalma noait ûntsizze dat hy de weitsrop hearre litten hat. Simmerkampen wiene tige wichtich. Lângeanne 1918 wie te Snits, skiptocht Snitser Mar, mei ûnferjitlike Anne Buma (doe Quarles).
dichter:
Marten K. Scholten (Arnhem, 6 mei 1904 – Oentsjerk, 15 oktober 1987); Douwe Hermans Kiestra (Poppenwier 4-12-1899 - Raerd 3-6-1970); Anne Porte (Alde Leie 28-11-1902 - Leeuwarden 29-5-1984)
Maker:
D. Kiestra Drachten
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
02:54:13
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
Geluidsopname
AV0020FLMD Marten Koops Scholten, Douwe Hermans Kiestra en Anne Porte, 1969 (Kiestra: nov. 1969)

02:50:57
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
Geluidsopname
AV0018FLMD Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers, 1970
Datering:
1970
Titel Frysk:
Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Gesina Hermina Volkers (Geziene / Siena) wenne fan 1966 ôf yn Boazum, hûs De Wylgen. Hat troud west mei Waling Jansz. Dijkstra, pakesizzer fan Waling-om. Yn Ljouwert pear kear mei west nei Jongfryske beweging. Guon aspekten fan de JFM fûn Volkers belachlik, as in oerflakkich rollespul. Te sweverich en dweperich en wiis, te min selskrityk, oardielt se oer de Jongfriezen. Harren oersetting fan Kloos ('Ik skriem om blommen yn de knop tobritsen', Sybesma?) fûnen se better as it orizjineel, dêr lake Volkers om. Wat wie it doel yn de praktyk? 'Efter Douwe Kalma oanrinne', neffens Volkers. Froulju wiene mâl mei Kalma, 'mar dy man wie homofyl, dat koe neat wurde'. Der wiene ek wûnderlike froulju by. Volkers koe Kalma fan skoalle yn Snits, hy moast earst neat fan it Frysk hawwe en prate 'Hooghaarlemmerdijks'. Mar foar in ploech minsken wie it Frysk in mooglikheid om har te ûnderskieden. Literêre fernijing ûnder ynfloed fan de Tachtigers. Fryske literatuer: Volkers hie it mier oan streekromans. Wie entûsjast oer Smearlappen fan Anne Wadman, en oer Leafdedea (1963) fan Homme Eernstma. Frysk eigene: net allinne de taal, ek de romte, de natuer. Ynfloed beatgroepen en kafetaria's: gefaar foar it Frysk eigene, of se moatte der wat eigens út helje. Biedwurd JFM 'Fryslân en de wrâld' betsjutte: Fryslân belangryk meitsje. Mar Kalma en de oaren grypten fierste heech, seit Volkers. Lêzen, ynfloed: Volkers neamt Metabletica, fan prof. Jan Hendrik van den Berg, gie in wrâld iepen. Libbensskôging: noed stean foar de oar, net de tsjerke, mar de lear fan it kristendom. Tsjinstanner fan kapitalisme mar gjin foarstanner fan kommunisme. Oardiel oer JFM per saldo wol posityf, se ha wol ynfloed hân, in stikje fernijing.
Ynhald:
Fraachtpetear Akke Miedema-Tjallema mei Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers oer de Jongfryske Mienskip. Oantinkens oan de hân fan fragen en listkes mei persoanen, organisaasjes, tydskriften.
Hofstra út Grou fertelt: Jongfryske beweging hie kriten, ien wie de Raerder Skoalle, mei Douwe Kiestra, Sjouke de Zee. Hofstra en oaren kuieren op snein fan Grou nei Jirnsum en bedarren doe op boppeseal hotel Bottema yn gearkomste fan de Raerder Skoalle. Oansluten by JFM omtrint 1918. Meispile yn Jongfrysk toaniel (as kening Redbod yn stik Aldgillis fan Douwe Kalma). Kampen meast op it Amelân, wie foar Kalma 'hillich plakje'. Beweging hat skoftke de Koaipleats yn eigendom hân. Untstean: Douwe Kalma socht in tal fan de 'bettere' Fryske skriuwers fan doe, lykas Brolsma, Rixt, Pollema. Kalma hearde sels ek by de betteren, skreau sonnetten, dat wie doe it gedicht fan de takomst. Hofstra hat mei Douwe Kalma befreone west en ek wol mei him op fakânsje west. Neffens Hofstra wurdt de betsjutting fan Kalma foar Fryslân en it Frysk ek hjoeddedei net gau te heech oanslein. Rintsje Sybesma wie mear in yndividualist, mei wolris ôfwikende opfettings. Tsjinstân kaam fan û.o. Hof, Canne, Sytstra, en fan it Kristlik Frysk Selskip, dat neffens Hofstra wat nasjonalistysker wie. Lju fan de mienskip waarden wol sjoen as 'rare oerdriuwers'. Yn Utert begûnen studinten yn 1924-1925 mei lêsrûnten: Fryske tydskriften rûlearje litte. Biedwurd 'Fryslân en de wrâld': dat Fryslân syn plak ynnimme moast tusken de folken, net as diel fan it Nederlânske folk mar as in eigen folk. Is net folle fan op 'e hispel kommen.
dichter:
1. Lieuwe Hofstra 1901-1971 (Grou 15-9-1901 - Haren 9-7-1971) 2. Gesina Hermina Volkers (Sneek 17-3-1900 - Boazum 1-4-1988)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
02:51:03
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
 
Geluidsopname
AV0016FLMD Gelf Keulen, ca. 1971
Datering:
ca. 1971
Titel Frysk:
Gelf Keulen
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Fryske Beweging: yn dy tiid gjin separatisme, foaral mear rjochten foar Friezen. Tsjinstân: foaral fan âld selskip, hie JFM oan himsels te witen troch krityske opstelling. Gedichtsje yn krante: 'En Kalma dy wurdt keamerlid, as it spultsje net earder yn de goate sit'. JFM woe literatuer op heger nivo bringe, mar krityk op folksskriuwerij fynt Keulen ûnterjochte: it befettingsfermogen fan de massa wurdt faak oerskat. Wat muzyk oangiet wiene J.P. Wiersma, Jits van der Laan en Paulus Folkertsma grutte nammen. Polityk - libbensskôging: sosjalisme, fûl tsjin fassisme, jong by SDAP, letter PvdA. Net tsjerks, wol nei reade dûmnys dy't sneintemoarns yn Sealen Schaaf sprutsen. Kalma: hie net sterke politike opfettings, wie mear de literator. Keulen goed 50 jier warber yn drankbestriding. Jierren yn bestjoer Broederschap van Gemeentesecretarissen. As sekretaris lestige posysje yn oarloch: stjitblok tusken befolking en besetter. Balâns opmeitsje fan JFM: skoalling fan jonge minsken hat letter syn ynfloed hân yn oare organisaasjes. By JFM wei: oarlochsjierren, ik siet bûten Fryslân, yndruk dat JFM yn fassistyske rjochting gie. Oer kampen op de eilannen: jonges en fammen apart, faak in âldere mei dy't fuort omke neamd waard. Barend van der Veen joech poppekastfoarstelling yn Midslân, it koar song yn de tsjerke. Net folle pearkes foarme, Douwe Kiestra letter troud mei Aal Hannema, dy't 'de mem fan it kamp ' neamd waard. Keulen wie kampfotograaf. Foto fan boattocht Grou.
Ynhald:
A. Miedema praat mei Gelf Keulen oer syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip. Benammen perioade 1920-1930. Oktober 1920 fan Haren nei Mantgum, propagandagearkomste op Lucht en Fjild. Fuort skriuwer fan krite Baarderadiel wurden. De Frysksinnigens en it idealisme sprutsen Keulen oan. Mar hy hie foaral muoite mei de rjochting dy't it yn de besettingstiid naam. Keulen wie neist kriteskriuwer ek tydlik propagandalieder, en moast de finânsjen sanearje, nei't J.P. Wiersma (Koos) betanke hie as ponghâlder. Mienskipshûs wie it sintrale punt, Douwe Kalma wie der altyd, Teade Herder die de administraasje. Liedende figueren: Kalma, Herder, Keulen, J.P. Wiersma, Marten Scholten. Sjongkoar: Piet Zwart, Afke de Lange, har suster, Sjouk Bierma, Elske en Neel van der Zee, Anne Porte, Nanne Bijlsma, Anne Feenstra. Toaniel: mefr. Quarles van Ufford-Buma, Jits van der Laan. Kalma skreau stikken en oersettings. Untstean JFM: Sjouke de Zee, Piet Sipma, R.P. Sybesma, Rinke Tolman. Benammen krityk op it âld selskip. ('Efternei dûnsjen', dat wie beneden peil...) In kêst yn it JFM-reglemint oer 'grûn en produksjemiddelen yn hannen fan de mienskip' koe Keulen him persoanlik wol yn fine, mar wie úteinlik ûntaktysk. Guon út de JFM kamen letter yn oare organisaasjes as Frysksinnich nei foaren. Uterlike kenmerken: meastal gjin sterke drank, net roke, soms en fegetarysk. Begroetsjen, op kampen bygelyks: soarte Romeinske groet, opheven linkerhân en útrop Brio! Keulen wennet al mear as 40 jier bûten Fryslân, hat 11 jier wurke op 3 sekretaryen yn Fryslân, 30 jier op sekretary yn Grins wurke. Frysk lêzen: mooglik begûn mei Sljucht en Rjucht. Frysk skriuwen sels oanleard en skriftlike kursus Schaafsma en Pieksma fan Grins. As je gjin Fryske taal mear ha, is der ek gjin Fryslân mear.
dichter:
Gelf Keulen
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
01:30:17
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum