Uw zoekacties: kaarten van de Studiedienst Hoorn van Rijkswaterstaat Direct... Simen Feenstra, 1970 of 1971

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Geluidsopname
AV0025FLMD Simen Feenstra, 1970 of 1971
Datering:
1970 of 1971
Titel Frysk:
Simen Feenstra
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Tsjinstanners JFM? Allinne âld Selskip, Kalma hat dy minken sa útskolden, hy hie in aardsje nei syn mem. 'Hy hat de saak fernield troch syn diktatorskip.' Fryske taal sil ferdwine, wurdt akademysk spul lykas Latyn, Gryksk en Keltysk. Frysk eigene: foaral de taal, se kinne net goed Hollânsk prate, en se binne lomper. Frysk prate, ek as se hjir troch Nijmegen rinne. Friezen sit gjin fantasy yn, dat is in kenmerk - Kalma en Kiestra wol wat, en Rely Jorritsma hie dat wol. Underfiningen as evakuee: Friezen net meifielend, gemien. Takomst Fryslan: rekreaasje en yndustry. Boerestân ferdwynt. Fryslân en de wrâld: JFM woe kontakt mei Ierlân, Flaanderen, Poalen. Folkebûn woe lytse folken helpe, dus ha se in brief nei Genève skreaun dat de Friezen ek yn de ferdrukking sieten. Jongfriezen woene hegere literatuer bringe. 'Mar Sjouke de Zee, Rinke Tolman, Marten Baersma: eins folksskriuwers. Iderien mient mar dat er dichter is. Ik ek, mar eins mar twa gedichten.' Sjouke de Zee miende da er dichter wie - om't Douwe Kalma dat sei, dy't him goed brûke koe. Fryske dichters foarkar: Kalma, J.D. van de Meij, Rixt, Sybesma, Thys de Vries. Bûtenlânske auteurs: Selma Lagerlöf is myn evangeelje, 'Gösta Berling' is myn bibel. JFM en konfessionaliteit: Kalma sei yn 1918 dat alle Friezen kristlik wiene, dat wie de kneppel yn it hinnehok. Kalma hie foar dûmny leard mar is dermei útskeid. 'Hy leaude nergens yn, mar God fûn er wol aardich, want dêr rymde alles op...' Feenstra oer syn eigen opfettings yn de tiid fan de JFM: hielendal yn ûnder de yndruk fan Kalma. Hy hie 'Wûndere Wytske' skreaun, sa moai, dan krije je sympaty foar sa'n skriuwer. Letter by JFM weirekke. Wol foarsitter west, Utingeradiel, Akkrum. En it Bûtenboun. Soe lêzing hâlde oer Waling Dijkstra, woene se net: wy wolle dûnsje, kofjedrinke, borreltsje, dat wie it Bûtenboun. Einoardiel oer JFM: posityf. Hat seker ynfloed hân, literêr, kultureel, en wy krigen in bân.
Ynhald:
Simen Feenstra te Nijmegen (út Terherne) jout syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip, neffens fragelist van Akke Miedema-Tjallema. Yn 'e kunde mei Douwe Kiestra, Roel Oostra, Merten Bakker. Oprjochte: Fryske Skoalle, Raerd. Lêzingen hâlden. Selskip mear foar de folksskriuwerij, wy woene literêr in heger peil, diels ynspirearre troch de Tachtigers. Feenstra lies yn Frisia bydrage fan Hero Cammingha, pseudonym fan Douwe Kalma. Gjin bestjoersfunksjes yn JFM, wol yn Boun fan Jongfryske Selskippen (Jelle Brouwer foarsitter, Feenstra siktaris, seit er letter), lêzingen hâlden (Fries Koffiehuis Wurdumerdyk Ljouwert) en artikels skreaun. Literêr: Kalma lies wolris wat fan my foar. Ien kear jiers lângeanne, 'meeting'. Kalma wie diktator. Foarstel fan Wouter Zwart waard oannommen, doe sei Kalma: Dan bedank ik direkt. Kampen op Amelân en Skylge. Douwe Kalma wie 'de dreamer fan Terskelling'. Seach Fryslân as kearn, sintraal tusken Ingelân, Dútslân en Skandinavië. Mienskipshûs Huzum: foar de pear dy't der doe noch oerbleaun wiene. Dominearjende figueren: Douwe Kalma, Wouter Zwart, Gerrit Zeldenrust, Folkertsma, Visser. Untstean JFM: studintekwestje, se woene folkstaal Frysk ek plak jaan yn rjochtseal, skoalle en tsjerke. Fr. beweging wie neffens Kalma kristlik, gjin plak foar ateïsten. Altyd rûzje yn Fr. bew., JFM is in akademyske beweging bleaun. Oer persoanen: antypaty tsjin Folkertsma as fanatyk kalvinist; S.D. de Jong wie fijân (pleatste stikken Feenstra net mear yn Ljouwerter Krante), Kalma altyd heech hân, antypaty tsjin Fedde Schurer ('om't er gemiene dingen oer Rely Jorritsma skreau'); Rintsje Sybesma, Douwe Kiestra, spitich dat se NSB'er wurden binne; Wike Zijlstra prachtfrou. Kenmerken Jongfriezen: yndividualisten, soad homoseksuelen by neffens Feenstra (Kalma ek), dichterlik en dreamerich. Takomstmooglikheden foar it Frysk sjocht Feenstra net: it Fryske folk is ymmún wurden foar de Fryske taal. JFM wie net foar ôfskieding, ôfsjoen fan in pear 'hypernasjonalisten'.
dichter:
Simen Feenstra (Terherne 9-11-1900 - 1981)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
1:30:14
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum