Uw zoekacties: Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers, 1970

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Geluidsopname
AV0018FLMD Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers, 1970
Datering:
1970
Titel Frysk:
Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Gesina Hermina Volkers (Geziene / Siena) wenne fan 1966 ôf yn Boazum, hûs De Wylgen. Hat troud west mei Waling Jansz. Dijkstra, pakesizzer fan Waling-om. Yn Ljouwert pear kear mei west nei Jongfryske beweging. Guon aspekten fan de JFM fûn Volkers belachlik, as in oerflakkich rollespul. Te sweverich en dweperich en wiis, te min selskrityk, oardielt se oer de Jongfriezen. Harren oersetting fan Kloos ('Ik skriem om blommen yn de knop tobritsen', Sybesma?) fûnen se better as it orizjineel, dêr lake Volkers om. Wat wie it doel yn de praktyk? 'Efter Douwe Kalma oanrinne', neffens Volkers. Froulju wiene mâl mei Kalma, 'mar dy man wie homofyl, dat koe neat wurde'. Der wiene ek wûnderlike froulju by. Volkers koe Kalma fan skoalle yn Snits, hy moast earst neat fan it Frysk hawwe en prate 'Hooghaarlemmerdijks'. Mar foar in ploech minsken wie it Frysk in mooglikheid om har te ûnderskieden. Literêre fernijing ûnder ynfloed fan de Tachtigers. Fryske literatuer: Volkers hie it mier oan streekromans. Wie entûsjast oer Smearlappen fan Anne Wadman, en oer Leafdedea (1963) fan Homme Eernstma. Frysk eigene: net allinne de taal, ek de romte, de natuer. Ynfloed beatgroepen en kafetaria's: gefaar foar it Frysk eigene, of se moatte der wat eigens út helje. Biedwurd JFM 'Fryslân en de wrâld' betsjutte: Fryslân belangryk meitsje. Mar Kalma en de oaren grypten fierste heech, seit Volkers. Lêzen, ynfloed: Volkers neamt Metabletica, fan prof. Jan Hendrik van den Berg, gie in wrâld iepen. Libbensskôging: noed stean foar de oar, net de tsjerke, mar de lear fan it kristendom. Tsjinstanner fan kapitalisme mar gjin foarstanner fan kommunisme. Oardiel oer JFM per saldo wol posityf, se ha wol ynfloed hân, in stikje fernijing.
Ynhald:
Fraachtpetear Akke Miedema-Tjallema mei Lieuwe Hofstra en Gesina Volkers oer de Jongfryske Mienskip. Oantinkens oan de hân fan fragen en listkes mei persoanen, organisaasjes, tydskriften.
Hofstra út Grou fertelt: Jongfryske beweging hie kriten, ien wie de Raerder Skoalle, mei Douwe Kiestra, Sjouke de Zee. Hofstra en oaren kuieren op snein fan Grou nei Jirnsum en bedarren doe op boppeseal hotel Bottema yn gearkomste fan de Raerder Skoalle. Oansluten by JFM omtrint 1918. Meispile yn Jongfrysk toaniel (as kening Redbod yn stik Aldgillis fan Douwe Kalma). Kampen meast op it Amelân, wie foar Kalma 'hillich plakje'. Beweging hat skoftke de Koaipleats yn eigendom hân. Untstean: Douwe Kalma socht in tal fan de 'bettere' Fryske skriuwers fan doe, lykas Brolsma, Rixt, Pollema. Kalma hearde sels ek by de betteren, skreau sonnetten, dat wie doe it gedicht fan de takomst. Hofstra hat mei Douwe Kalma befreone west en ek wol mei him op fakânsje west. Neffens Hofstra wurdt de betsjutting fan Kalma foar Fryslân en it Frysk ek hjoeddedei net gau te heech oanslein. Rintsje Sybesma wie mear in yndividualist, mei wolris ôfwikende opfettings. Tsjinstân kaam fan û.o. Hof, Canne, Sytstra, en fan it Kristlik Frysk Selskip, dat neffens Hofstra wat nasjonalistysker wie. Lju fan de mienskip waarden wol sjoen as 'rare oerdriuwers'. Yn Utert begûnen studinten yn 1924-1925 mei lêsrûnten: Fryske tydskriften rûlearje litte. Biedwurd 'Fryslân en de wrâld': dat Fryslân syn plak ynnimme moast tusken de folken, net as diel fan it Nederlânske folk mar as in eigen folk. Is net folle fan op 'e hispel kommen.
dichter:
1. Lieuwe Hofstra 1901-1971 (Grou 15-9-1901 - Haren 9-7-1971) 2. Gesina Hermina Volkers (Sneek 17-3-1900 - Boazum 1-4-1988)
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
02:51:03
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum