Uw zoekacties: Gelf Keulen, ca. 1971

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
 
 
Geluidsopname
AV0016FLMD Gelf Keulen, ca. 1971
Datering:
ca. 1971
Titel Frysk:
Gelf Keulen
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Fryske Beweging: yn dy tiid gjin separatisme, foaral mear rjochten foar Friezen. Tsjinstân: foaral fan âld selskip, hie JFM oan himsels te witen troch krityske opstelling. Gedichtsje yn krante: 'En Kalma dy wurdt keamerlid, as it spultsje net earder yn de goate sit'. JFM woe literatuer op heger nivo bringe, mar krityk op folksskriuwerij fynt Keulen ûnterjochte: it befettingsfermogen fan de massa wurdt faak oerskat. Wat muzyk oangiet wiene J.P. Wiersma, Jits van der Laan en Paulus Folkertsma grutte nammen. Polityk - libbensskôging: sosjalisme, fûl tsjin fassisme, jong by SDAP, letter PvdA. Net tsjerks, wol nei reade dûmnys dy't sneintemoarns yn Sealen Schaaf sprutsen. Kalma: hie net sterke politike opfettings, wie mear de literator. Keulen goed 50 jier warber yn drankbestriding. Jierren yn bestjoer Broederschap van Gemeentesecretarissen. As sekretaris lestige posysje yn oarloch: stjitblok tusken befolking en besetter. Balâns opmeitsje fan JFM: skoalling fan jonge minsken hat letter syn ynfloed hân yn oare organisaasjes. By JFM wei: oarlochsjierren, ik siet bûten Fryslân, yndruk dat JFM yn fassistyske rjochting gie. Oer kampen op de eilannen: jonges en fammen apart, faak in âldere mei dy't fuort omke neamd waard. Barend van der Veen joech poppekastfoarstelling yn Midslân, it koar song yn de tsjerke. Net folle pearkes foarme, Douwe Kiestra letter troud mei Aal Hannema, dy't 'de mem fan it kamp ' neamd waard. Keulen wie kampfotograaf. Foto fan boattocht Grou.
Ynhald:
A. Miedema praat mei Gelf Keulen oer syn oantinkens oan de Jongfryske Mienskip. Benammen perioade 1920-1930. Oktober 1920 fan Haren nei Mantgum, propagandagearkomste op Lucht en Fjild. Fuort skriuwer fan krite Baarderadiel wurden. De Frysksinnigens en it idealisme sprutsen Keulen oan. Mar hy hie foaral muoite mei de rjochting dy't it yn de besettingstiid naam. Keulen wie neist kriteskriuwer ek tydlik propagandalieder, en moast de finânsjen sanearje, nei't J.P. Wiersma (Koos) betanke hie as ponghâlder. Mienskipshûs wie it sintrale punt, Douwe Kalma wie der altyd, Teade Herder die de administraasje. Liedende figueren: Kalma, Herder, Keulen, J.P. Wiersma, Marten Scholten. Sjongkoar: Piet Zwart, Afke de Lange, har suster, Sjouk Bierma, Elske en Neel van der Zee, Anne Porte, Nanne Bijlsma, Anne Feenstra. Toaniel: mefr. Quarles van Ufford-Buma, Jits van der Laan. Kalma skreau stikken en oersettings. Untstean JFM: Sjouke de Zee, Piet Sipma, R.P. Sybesma, Rinke Tolman. Benammen krityk op it âld selskip. ('Efternei dûnsjen', dat wie beneden peil...) In kêst yn it JFM-reglemint oer 'grûn en produksjemiddelen yn hannen fan de mienskip' koe Keulen him persoanlik wol yn fine, mar wie úteinlik ûntaktysk. Guon út de JFM kamen letter yn oare organisaasjes as Frysksinnich nei foaren. Uterlike kenmerken: meastal gjin sterke drank, net roke, soms en fegetarysk. Begroetsjen, op kampen bygelyks: soarte Romeinske groet, opheven linkerhân en útrop Brio! Keulen wennet al mear as 40 jier bûten Fryslân, hat 11 jier wurke op 3 sekretaryen yn Fryslân, 30 jier op sekretary yn Grins wurke. Frysk lêzen: mooglik begûn mei Sljucht en Rjucht. Frysk skriuwen sels oanleard en skriftlike kursus Schaafsma en Pieksma fan Grins. As je gjin Fryske taal mear ha, is der ek gjin Fryslân mear.
dichter:
Gelf Keulen
Maker:
Akke Miedema-Tjallema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
01:30:17
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum