Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal), 24 januari 2004 ( Fries Film en Audio Archief )
Collectie Pieter Verhoeff
AV0022PV Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal), 24 januari 2004
Datering:
24 januari 2004
Titel:
Yn dat sykjen sûnder finen (rûch materiaal)
Maker:
Pieter Verhoeff
Samenvatting inhoud:
De film begjint mei in anekdote hoe’t Tsjêbbe fan ‘e brommer foel en de tosken briek. Sy hawwe noch te tosksykjen west, mar it wie nachts en op in grintpaad, dat de tosken binne net wer fûn. Nei it skoft wer muzyk fan The Doarmers. Tsjêbbe draacht it gedicht It doarp always ready foar. Oer dat gedicht fertelt Hettinga earst koart wat. Sa slacht ‘it doarp’ op Burchwert en ‘always ready’ op de tekst dy’t op in Amerikaanske jeep kwaste stie, dy’t nei de oarloch yn Burchwert efterlitten wie. Tsjêbbe hat in jier as njoggen west doe’t hy dy tekst foar it earst seach en dat wie nei alle gedachten it earste Ingelsk dat hy lies. Ek fertelt er oer de fersiering fan in trekker mei it figuer fan Marilyn Monroe. Ek dat sit yn it gedicht ferwurke, lykas wol mear anekdoates út it doarp en Tsjêbbes jeugd (ek op bantsje 117 fertelt Tsjêbbe hjiroer). Fan dizze jûn fan de Gerben Rypma stifting is ek in cd útbrocht, mei de titel Oan de Brek in dei: Tsjêbbe Hettinga mei it lyryske gedicht Oan de Brek in dei en The Doarmers mei trije fan Rypma syn gedichten op muzyk (Reidmoskje, Ofskie, Dreamen).
Vervolg samenvatting inhoud:
De film begint met een anekdote hoe Tsjêbbe ’s nachts op een grindpad van zijn brommer viel en een paar tanden brak. Ze zijn nog aan het zoeken geweest, maar hebben de tanden niet teruggevonden. Na de pauze opnieuw muziek van The Doarmers. Tsjêbbe draagt het gedicht ‘It doarp always ready’ voor en geeft een korte uitleg over het gedicht. Met ‘it doarp’ wordt Burgwerd bedoeld en ‘always ready’ verwijst naar de geschilderde tekst op een Amerikaanse jeep die na de oorlog in Burgwerd was achtergelaten. Tsjêbbe was ongeveer negen jaar toen de tekst hem voor het eerst opviel. Het waren waarschijnlijk ook de eerste Engelse woorden die hij las. Hij vertelt ook over het versieren van een tractor met een afbeelding van Marilyn Monroe. Deze en meer anekdotes uit het dorp en Tsjêbbe’s jeugd zijn in het gedicht verwerkt. Van deze avond van de Gerben Rypma stichting is een cd uitgebracht met de titel ‘Oan de Brek in dei’. Te horen zijn: Tsjêbbe Hettinga met het lyrische gedicht ‘Oan de Brek in dei’ en The Doarmers met drie gedichten van Rypma op muziek (Reidmoskje, Ofskie, Dreamen).
Bronformaat:
Film digitaal
Kleur:
Kleur
Geluid:
Ja
Duur:
26:38 minuten
Collectie:
Literatuer yn Fryslân
Organisatie: Fries Film en Audio Archief
laatste wijziging 16-05-2024
1 gedigitaliseerd