200-02 Sjoerd Wendelaar Bonga ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
200-02
Sjoerd Wendelaar Bonga
Inventaris
1. Ynlieding
200-02 Sjoerd Wendelaar Bonga
1.
Ynlieding
Yn de op dizze ynlieding folgjende ynventaris wurdt it argyf beskreaun fan Sjoerd Evert Wendelaar Bonga, dy't yn 1887 yn boerefermidden op 'e Ryp (Dronryp) berne waard en te Dokkum yn 1961 ferstoar. Op 'e legere skoalle krige er syn earste foarming ta Fries, in foarming dy't bepalend wie foar syn lettere libben as bodder foar de emansipaasje fan it Frysk yn kristlik-ortodokse rûnten. Troch it bytsje brûken fan it Frysk yn tsjerklik fermidden waard de (jonge) Wendelaar Bonga him bewust fan de oerhearskjende posysje fan it Nederlânsk. Foar him wie de Fryske taal in jefte fan God, dy't de minske net fersmite mocht, mar hoedzje en noedzje moast. Ut alle argyfstikken docht dy prinsipiële hâlding bliken. De Pinkstermoandeigearkomste dêr't de grifformearde dûmny Sipke Huismans fan Eanjum spriek, lei it teoretysk ramt foar in kristlik Fryslân, dat oant dan ta by Wendelaar Bonga ûntbriek. Mei de oprjochting fan it Christlik Selskip for Tael en Skriftekennisse troch û.o. Huismans en Anders Minnes Wybenga rekke Wendelaar Bonga by de Fryske Beweging belutsen. Yn 1914 waard Wendelaar Bonga yn de propagandakommisje (Us Tael Omheech) fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) beneamd, letter soe er ek foarsitter wurde fan it KFS. Yn 1913 krige Wendelaar Bonga in beneaming oan de skoalle op 'e Fetze te Dokkum. Yn 'e posysje fan haad fan 'e skoalle stribbe er ûnderwiisfernijing nei mei it Frysk as fanselssprekkend plak op 'e skoallen. As auteur fan gea-, taal- en nammekundige wurken en artikels die er fan him sprekken. It argyf fan Wendelaar Bonga beslacht sa'n 35 sintimeter en is yn 1960 by it eardere Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn bewar jûn. De korrespondinsje is hanthavene en op oarder brocht, oare stikken binne útskift en neffens soarte en ûnderwerp byinoar foege. Brieven en hânskriften fan Wendelaar Bonga binne yn oare digitale systemen (biblioteek, argiven) fan Tresoar te finen. Foar fierder ûndersyk sjoch ek it argyf fan it Griff. Selskip / KFS.
laatste wijziging 15-11-2006
119 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Datering:
1914-1938
Beschrijving:
Ynventaris fan it argyf fan Sjoerd Wendelaar Bonga
Categorie:
- Zonder categorie
laatste wijziging 15-11-2006
119 beschreven archiefstukken