200-01 Sjoerd van der Schaaf ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
200-01
Sjoerd van der Schaaf
Inventaris
1. Ynlieding
200-01 Sjoerd van der Schaaf
1.
Ynlieding
Sjoerd van der Schaaf is yn 1906 berne op 'e Gordyk. Op it gemeentehûs fan Opsterlân op 'e Sweach wie er amtner op 'e siktarij. Yn 'e roman Abbingawâld (De Sweach) út 1947 beskriuwt er it libben fan 'e doarpslju it jier bylâns.
Yn 1931 wurdt er sjoernalist by it Nieuwsblad van Friesland op It Hearrenfean, mar wurdt yn datselde jier beneamd by Het Volk, in sosjaal-demokratyske krante mei regionale edysjes. Fan 1934 is er meiwurker fan it Volksblad voor Friesland, de Fryske edysje fan Het Volk. Yn 1942 moat er ûnder twang fan de besetter syn wurk by dat blêd stake.
Van der Schaaf hie doe al yn 1941 debutearre mei de earste Fryske detektive 'It geheim fan de Greate Wielen'. Yn 'e oarlochsjierren wurke Van der Schaaf mei oan it yllegale blêd Je Maintiendrai en makke er stúdzje fan de Fryske Beweging.

Nei de befrijing yn 1945 wurdt er haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, letter Friese Koerier en yn 1952 kriget er inselde funksje by De Nieuwe Pers, ûnderdiel fan het Parool.
Yn 1957 komt de novelle 'De wûndere simmer fan Jurrit Jongema' út, dy't ek op De Sweach spilet.
Yn 1971 set Sjoerd van der Schaaf him nei syn pensjonearring wer yn Fryslân ta wenjen. Fan de Fryske Akademy nimt er de opdracht oan om in 'Skiednis fan de Fryske Beweging' te skriuwen. Ein 1977 komt dy mânske stúdzje út. De jierren dêrnei binne ek produktyf. Yn 1981 ferskynt 'De bijekening', sketsen út it libben fan in geaman ûnder De Gordyk, dêr't Van der Schaaf yn 1983 de Gysbert Japicx-priis foar kriget.

Sjoerd van der Schaaf wennet op 't heden yn Oentsjerk, hast 100 jier âld.
laatste wijziging 05-05-2020
87 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Auteur:
T. van der Veen
laatste wijziging 05-05-2020
87 beschreven archiefstukken