180-50 Boun 'De Blauwe Seilbokse' ( Tresoar (Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) )
180-50
Boun 'De Blauwe Seilbokse'
Inventaris
Ynlieding
180-50 Boun 'De Blauwe Seilbokse'
Ynlieding
Yn de op dizze ynlieding folgjende ynventaris is it argyf beskreaun fan it Boun ‘De Blauwe Seilbokse’, in út sân manlju besteande freonerûnte, oprjochte yn 1937, dy’t midden jierren tritich de boerestân in positive ympuls jaan wol.
Symboal fan de Fryske boer is de blauwe seilbokse en it blau baitsje, dy klaaiïng wurdt troch de leden fan it bûn by alle bûnsoangelegenheden droegen. In twadde symboal is it bûnsliet, in troch Douwe Kiestra skreaune sang dy’t de ferbûnens mei de blauwe seilbokse en it blau baitsje besjongt
It Boun wurdt yn 2000 opdûkt mei ‘t de measte leden ferstoarn binne en de freonerûnte te lyts en te âld wurden is.
It Boun hat twa wapenfeiten op syn namme. Foarst it útbringen fan It Frysk Boerekwartetspul yn 1939 yn in oplage fan 23000. De printkosten en de distribúsje wurde droegen troch (koöperative) boere-organisaasjes. Yn 1948 en 1982 folgje nochris nije oplagen. Twad wurdt yn begjin fjirtiger jierren troch it Boun in enkête hâlden oer de boerefakklaaiïng
It argyf fan ‘De Blauwe Seilbokse’ beslacht 26 sintimeter en is yn 2000 yn bewar jûn by it FLMD mei it oanwinstnûmer 2000.270 De oardering fan it argyf nei ynventarisaasje is in oardering neffens de ûnderskiedende stikken: notulen, boerekwartet, enkête boereklaaiïnge, dokuminten oer kwartet en Boun, knipsels en foto’s.
Yn de brieve- en hânskrifte-argiven fan Tresoar is mear ynformaasje te finen oer D. Kiestra en O. Santema.

laatste wijziging 20-06-2020
19 beschreven archiefstukken
Kenmerken
Periode:
1937-2000
Auteur:
Thys van der Veen, 2004
Beschrijving:
Ynventaris fan it argyf fan it Boun 'De Blauwe Seilbokse'
Categorie:
laatste wijziging 20-06-2020
19 beschreven archiefstukken